Jehannes XXIII
Appearance
| Jehannes XXIII | ||
| Paus Jehannes XXIII | ||
| amt en titulatuer | ||
| tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | bisdom Rome | |
| sit | Hillige Sit | |
| amtsperioade | 1958-1963 | |
| foargonger | Pius XII | |
| opfolger | Paulus VI | |
| wapen | ||
| wurkpaad | ||
| preesterwijing | 10 augustus 1904 | |
| biskopswijing | 19 maart 1925 | |
| kardinaal | 12 jannewaris 1953 | |
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertenamme | Giuseppe Angelo Roncalli | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 25 novimber 1881 | |
| berteplak | Sotto il Monte | |
| stjerdatum | 3 juny 1963 | |
| stjerplak | Fatikaanstêd | |
| hillichferklearring | ||
| sillich ferkl. | 3 septimber 2000 | |
| hillich ferkl. | 27 april 2014 | |
| hjeldei | 11 oktober | |
| patroan fan | Italjaanske leger | |
Paus Jehannes XXIII, bêrne as Giuseppe Angelo Roncalli (Sotto il Monte, 25 novimber 1881 - Fatikaanstêd, 3 juny 1963) wie de 261ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, hy stie as paus oan it haad fan de Roomsk-Katolike Tsjerke fan 1958 oant 1963. Hy waard op 3 septimber 2000 troch paus Jehannes Paulus II sillich en op 27 april 2014 troch paus Fransiskus hillich ferklearre. Syn hjeldei is op 11 oktober, de dei fan de iepening fan it troch him gearroppen Twadde Fatikaansk Konsily.