Springe nei ynhâld

Trickster

Ut Wikipedy
Rein de Foks, in literêre foarm fan 'e trickster, yn in berneboek út 1869, troch Michel Rodange.

De trickster is yn 'e mytology en yn 'e stúdzje fan folkloare en religy in snoad, slûchslim en faak grappich personaazje dat beskikt oer in hege mjitte fan yntellekt of geheime kennis. It kin in godheid, healgod, geast, minske of ferminsklike bist wêze, en as er gjin godheid is, docht er him gauris dochs as sadanich foar. Hjirby giet it almeast om in manlik personaazje, mar tricksters kinne ek froulik wêze, en faak binne se bi- of transseksueel. Yn elts gefal kinne tricksters werom kennen wurde oan it feit dat se har nea oan 'e regels hâlde, en likemin oan 'e jildende sosjale noarmen en wearden. De Ingelske standertterm 'trickster' waard yn 1885 spesifyk foar dit soarte fan personaazje yn 'e wittenskip yntrodusearre troch de argeolooch en etnolooch Daniel G. Brinton. 'Trickster' soe yn aldendeisk Frysk oerset wurde kinne as "grapmakker" of "skarlún", al ferliest men dêrby in grut part fan 'e (wittenskiplike) betsjutting.